Blaasmuzykwrâld skrikt fan ein Muzyk Maskelyn

Blaasmuzykwrâld skrikt fan ein Muzyk Maskelyn

Jierrenlang hat Muzyk Maskelyn audio-opnames makke fan grutte blaasmuzykeveneminten. Sa koe de Omrop oer aktueel materiaal beskikke foar de útstjoerings en koenen de blazers, famyljeleden, freonen en kunde de optredens werom hearre, op radio of CD. De lêste jierren koe hjir ek noch in útstjoering op omroplive.nl oan taheakke wurde. Hjir komt no mei it ophâlden fan Muzyk Maskelyn in ein oan.

De besúniging fan Omrop Fryslân is in direkt gefolch fan de besúniging troch Provinsje Fryslân. Fryslân is in blaasmuzykprovinsje by útstek mei mear as 10.000 muzikanten en in noch folle gruttere efterban. Nearne yn Nederlân dogge sa folle orkesten mei oan konkoursen as yn Fryslân. Ek wurde de Nederlânske brassband- en fanfarekampioenskippen, it Gouden Spiker Festival en Euro Brass Drachten fanút Fryslân organisearre, oant no ta mei Muzyk Maskelyn.

Fansels stelle wy it op priis dat de Omrop fan doel is om yn mear programma’s oandacht oan kultuer en blaasmuzyk te skinken en om Koperkanaal.nl yn de loft te hâlden. Mar tagelyk freegje wy ús ôf wat der útstjoerd wurde sil as der gjin opnames mear makke wurde.
Wy kinne ús net foarstelle dat Muzyk Maskelyn en har meiwurkers net langer belutsen wêze sille by ús blaasmuzykeveneminten en dizze eveneminten net mear it omtinken krije dat se fertsjinje . Dêrom roppe wy de Fryske polityk op om dit net barre te litten! Dit kin en mei net barre!"

OMF – Organisatie Muziekverenigingen Fryslân, NBK – Nederlandse Brassband Kampioenschappen, ONFK – Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen, Gouden Spiker Festival, Eurobrass Drachten.